Hea! fan 21 maart 2016 18:20

It is grut feest op IBS De Hoekstien yn Lúkswâld. De bern bakke mei de hiele skoalle pankoeken. En alle âlden en pakes en beppes binne útnoege om se lekker mei op te iten. Mar foardat it safier is, moat der noch in soad barre.

Ype de Jong is in echte natoerman. Hy is al 47 jier lid fan de Fûgelwacht yn Dokkum en is dêr op dit stuit ek frijwilliger. Ype is in drok baaske. Hy soarget der foar dat de nêstkastkes yn Dokkum der kreas byhingje en hy repareart se, as it nedich is. Dêrneist docht hy ek noch it ûnderhâld fan sa'n 25 einekuorren en dat is nochal in klus...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)