Hea! fan 21 jannewaris 2015 18:20

Se stiet bekend as 'Bakker Joukje'. Elkenien fan Warns ken Joukje en oarsom is dat ek sa. Eartiids ferkocht se allinnich bôle, mar no kinne je it sa gek net betinke of Joukje de Boer ferkeapet it. En dat wylst it winkeltsje fan Joukje mar 18 kante meter is.

Wiebren Bosgra fan Marrum hat in eigen praathok yn syn tún. En dat hok is tige populêr ûnder guon ynwenners fan Marrum, want alle dagen sitte der wol praters by Wiebren om 'e kachel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)