Hea! fan 21 jannewaris 2013

Yn Hylpen geane sy net mei de redens it iis op, mar mei de slide. Dat bard fansels wol faker, mar dit binne wol hiel bysûndere sliden. De famylje Stallman makket nammentlik al fjouwer generaasjes lang orizjinele Hylper priksliden.

En yn Ryptsjerk wennet Riemer van der Meulen. Hy is in tige bedreaune knutselder. Hy makket fan âlde doazen út de supermerk allegear ferskillende saken; fan in treksek oant de Eiffeltoer. Hy hat fanwege syn hobby sels in brief fan de keninginne krigen!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)