Hea! fan 21 febrewaris 2013

  • De einekoer yn Ryptsjerk

Ryptsjerk is it doarp fan de einepyk. De doarpsferiening De Einepyk fiert dizze wike it 75-jierrich bestean. Mar foar it safier is moatte de einekuorren wer te plak setten wurde op it wetter. En niks te betiid want de einen sitte der al op te wachtsjen.

En ûnderweis mei Goeie! treffe wy trije manlju dy't eltse fjirtjin dagen in stikje rinne yn Berltsum. Neffens harren hawwe sy de 'Slachtedyk' ûntdekt.

Wat begûn mei in fleske fan har tante is útgroeid ta in echte samling. Yn 'e keamer fan Rinkje van der Veen stean omtrint 1700 parfumfleskes, yn alle soarten en maten. Mar der is altyd plak foar mear fansels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)