Hea! fan 21 desimber 2011

Fjouwer famkes yn aksje
Nynke, Jikke, Rixt en Marrit fan Wurdum wolle ek jild ynsammelje foar de aksje Serious Request. Marrit hie in grutte lavendelstrúk yn 'e tún te stean. De droege blomkes hawwe se yn selsmakke pûdsjes dien. Dy rûkpûdsjes ferkeapje se hûs oan hûs. Se hawwe al 104 euro ophelle. Kommende freed sille se nei Leiden ta om it jild te bringen...

Fersierde krystfyts
De famylje Wolters fan Damwâld is binnen- en bûtendoar hielendal yn krystsfear. Mem hat har wer bot útlibbe. It kin net op. Sels de fyts giet deroan...

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)