Hea! fan 21 augustus 2013

  • Karste Woudstra

Yn Teridzert wenje Karste en Minke Woudstra yn in wier fuchsia-paradys. Se hawwe wol 360 soarten beltsjeblommen yn alle kleuren. Karste en Minke dogge alles tegearre. No't hy it oan it hert hân hat moat hy it wat kalmer oan dwaan, en dat falt net ta foar syn rappe frou. Tegearre hawwe se it goed en se genietsje.

Ut it Hea! simmer-argyf fan 10 juny 2013
In bysûnder gesicht yn Koarnjum... Dêr kinne je Ilse Zondervan tsjinkomme. Op in ientsjiller mei in hoanne ûnder de earm! Ilse hat de hoanne sels grutbrocht en it bist is dus wol wat wend. Ilse kin geweldich fytse op har ientsjiller. En de hoanne bliuwt moai rêstich sitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)