Hea! fan 2012-10-31T17:03:00

It hûs fan Karst en Marco Meijer - de Hofstede de Meierij - yn Noardwâlde is al in skoft yn de famylje fan Karst. Pake hat de earste beammen plante, en troch de jierren hinne is it in wier paradyske wurden. Net allinnich de parkêftige tún is prachtich, mar binnenyn is der ek alle romte foar de samlings fan Karst en Marco. Karst hat syn unike Herbarium Frisicum en Marco de antike poppen.

De middenstân hat it aardich dreech de lêste tiid, mar Siep en Jelly Bijlsma hawwe fertrouwen yn de takomst. Se hawwe al in skoft in supermerk yn Garyp, en dizze is de lêste wike hielendal ferboud. Foardat moarn de earste klanten wer holpen wurde kinne, moat der noch wol wat gebeure....

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)