Hea! fan 2012-09-01T17:05:00

    Yn Fryslân binne de bern noch net nei skoalle en dêrom is der alle tiid om op en om it wetter te boartsjen. Sa ek de bern yn Dedzjum. Se ha by de boeren del west om pallets en dêr hawwe se in flot fan makke. En no kinne se mar peddelje. Spitich genôch is it flot net sterk genôch foar it Hea!-team....
    Ut it Hea! simmerargyf:
    Yn Dokkum hinget by it wenhûs fan Verhaag in Amerikaanske flage yn top. Verhaag fielt him in cowboy en hâldt fan it Wylde Westen. Hy rint graach yn cowboyklean om en hat ek allegear cowboyguod...
    (in werhelling fan 18 april 2012)
    En yn Goeie! sit Tjeerd Attema yn Ljouwert op in stuolstje oan 'e kant fan de dyk. Tjeerd is oan it wurk, want hy telt it ferkear....
    (earder yn Hea! op 25 juny 2012)

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)