Hea! fan 20 septimber 2012

Op Golfbaan Gaasterlân hawwe se it mar drok. De golfbaan leit midden yn in natoergebiet en dat betsjut in soad wurk. Ek hawwe se wol te krijen mei net wolkomme gasten! Greenkeeper Hendrik Wynia en syn kollega's race yn in golfkarre oer it grutte terrein, wylst in groep froulju de golfbaltsjes alle kanten opslacht.

En yn Goeie! treffe wy yn Ryptsjerk in man dy't drok dwaande is syn camper skjin te meitsjen. It docht bliken dat hy dat al jierren alle dagen moarns betiid docht, ta fernuvering fan it Hea! team.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)