Hea! fan 20 oktober 2016 17:35

It lûd bepaalde it ritme fan de dei yn Grou. Om 7.00 oere moarns gong elkenien oan it wurk en om 10.00 oere siet elkenien oan de kofje. Dat wie de stoomfluit fan it Halbertsmafabryk yn Grou. Mear as 100 jier hat it fabryk it gesicht bepaald yn Grou. Yede van der Veen en Jan Pieter Rottiné binne âld-meiwurkers en fertelle oer harren wurkperioade.

Sjoerd en Tjam Bijma fan Lollum binne altyd wol dwaande. Tjam puzzelet graach en is lêsmem op skoalle. Sjoerd reizget graach en hat al in pear kear nei Kanada west. Mar dan krijt er Tjam net mei...

De Halbertsmafluit

It wie it lûd fan swiere bassen, wat heas en donker en it lûd bepaalde it ritme fan it doarp Grou. De fluit fan it Halbertsmafabryk hat mear as in iuw te hearren west yn Grou en omkriten. Jan Pieter Rottiné en Yede van der Veen fertelle oer de jierren dat se dêr wurke ha. It fabryk hat it doarp foar in grut part opfretten. Ynkoarten sil nei 125 jier ôfskied naam wurde fan de namme Halberstma.

Tjam en Sjoerd Bijma fan Lollum

Se hawwe spitigernôch sels gjin bern krigen, mar it is nea stil om de doar. Fan harren eigen famylje komme der faak neefkes en nichtsjes del en Sjoerd en Tjam Bijma beskôgje se as harren eigen.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)