Hea! fan 20 novimber 2015 18:20

Op in moai plakje tusken Wurdum en Goutum sit in autosloperij mei in keet der by. Dêr slacht Diemer van der Veen al sa’n 25 jier om. Hy is better bekend as de Muppet, omdat Diemer neffens syn maten wol wat op in Muppet liket. Hy hâldt wol fan in geintsje yn it libben.

En wy sjogge op it stoart by Damwâld. Dêr is it sneons altyd smoardrok. Ek no stiet der wer in lange rige auto’s. Dêrtusken stiet ek Hendrik de Jong. Hy is der moarns altyd betiid by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)