Hea! fan 20 novimber 2014 18:20

Yn Nij Beets sil it wer heve. Sa'n 30 manlju en froulju sille mei syn allen sjoele. It is in gesellige middei, mar se binne allegearre ek nochris superfanatyk, want der binne moaie prizen te winnen.

Op De Hemrik sit in ploech skutjassers al sa'n 25 jier om de wike oan de kaarttafel. Elke spyljûn is der in moaie ploech manlju dy't in machtige jûn hat. Se stride no al 25 jier om de wikselbeker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)