Hea! fan 20 maart 2013

Yn Minnertsgea wolle Stien Wassenaar en Lieneke Algra graach fan de âlde klean ôf. En wat dogge je dan.... in ferkeaping organisearje. Kommende sneon en twa wike letter op in sneon sil it heve, en de froulju binne der al hielendal klear foar. As se krekt sa goed ferkeapje as prate kinne.

By stoffearderij De Koning yn Grou sitte alle dagen de froulju achter de naaimasjine. Meters stof fleane har troch de hannen. It binne allegeare rappe wurkers, mar ien is wol écht de rapste fan allegear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)