Hea! fan 20 maaie 2014 17:40

De roeiploech fan Molkwar is hurd oan it trainen foar de HT-race, de sloeperace tusken Harns en Skylge. Ferline jier wiene se der ek hielendal klear foar, mar doe waard de HT-race ta grutte teloarstelling fan de Molkwarders ôfsein. It waaide doe te hurd. Mar no besykje de roeiers it wer op 'e nij. Twa kear yn 'e wike traine se ûnder oaren op de Moarre en de Fluessen. En dan komt it der op oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)