Hea! fan 20 jannewaris 2015 18:20

Ea begûn op in hiel lyts souderke….mar yntusken stiet de komplete Bonifatiusskoalle op 'e Jouwer fol mei toanielklean. Fjouwer froulju binne sa'n 25 jier ferlyn begûn mei it ynnimmen en útjaan fan brûkte toanielklean. Dy wurde nei ôfrin fan toanielstikken en iepenloftspullen by harren brocht of se keapje se oer.

Klaas Hijlkema hie koartlyn syn 50e jubileum by Batavus op It Hearrenfean. Fyftich jier lang hat hy fytsen yn elkoar setten yn it fytsefabryk, mar hy is no krekt mei pensjoen. It falt him o sa tsjin, mar gelokkich hat hy thús noch in lyts Batavusmuseum yn syn skuorre dêr't hy mei in soad wille wurket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)