Hea! fan 20 febrewaris 2014 17:40

Woansdei 19 febrewaris wie it safier: it earste Frysk kampioenskip ploege-achterfolging skoallereedriden. Sawat tachtich teams en 240 jonge reedriders fochten om de titels en it gong der om wei. In skitterjend moaie middei en in spannend kampioenskip. Thialf en de iishal yn Ljouwert hawwe der mei-inoar foar soarge dat de wedstriid der kaam. Se binne fan doel om dat noch folle faker te dwaan.

Jelle de Jong is fan hûs út oargelspiler en de bern brochten him op it idee om dêr wat mear mei te dwaan. Jelle wol oargelmuzyk tichteby de jeugd bringe. Hy hat dêr al mei de hiele wrâld oer west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)