Hea! fan 20 febrewaris 2012

In bysûnder gesicht wie it ôfrûne freed yn Snits. Sân manlju om 'e tafel drok dwaande mei haken! Ien fan de manlju wie sels op it idee kaam, want syn freondinne jout les yn haken en breidzjen. It ark wie al wat grutter as oars, grutte haakpinnen en dik jern. It foldie de mannen mar bêst, mar it hoecht net wer.

Rienkje de Haan is helpbeppe op basisskoalle de Wrâldpoarte yn Garyp. Sy hat in spesjale taak. Alle wiken giet se mei de bern op paad foar it skoalswimmen. Dat docht se al 22 jier, mar dit jier foar it lêst want der komt in ein oan it skoalswimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)