Hea! fan 2 septimber 2014 17:40

Gerrit Arends is berne yn Drinte, mar wennet al skoft yn Langsweagen dat je him wol in echte Fries neame kinne. Nei syn pensjoen woe Gerrit noch hiel graach ien ding yn syn libben...'brêgewipper' wurde en sa is it ek kaam.

Ut it Hea!-argyf sjogge wy hjoed nei de Hea!-ôflevering fan april dit jier. It giet goed mei it draafhynder Derek Buitenzorg. Yn syn lêste koers op Wolvegea waard hy mar leafst tredde yn in swiere koers mei stevige konkurrinsje. Wa hie dat tocht doe't de sportredaksje fan Omrop Fryslân him in pear jier lyn rêde fan de slacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)