Hea! fan 2 oktober 2013

It wie feest, foarige wike yn 'e supermerk fan Wurdum. Twa wurkjouwers fierden harren jubileum yn 'e supermerk. Jeannet en Johan wurkje hjir no al 10 jier. Jeannet achter de kassa en Johan is feranwurdlik foar it fris. Reden foar taart en blommen.

Op de Gordyk sizze wy Goeie! tsjin twa manlju dy't fanatyk lantearnepeallen oan it skjinmeitsjen binne.

En sa lang at it wykblêd Aktief yn Warten besoarge wurdt, sa lang is de famylje Bouwmeester hjir al mei op stap. Yn hast 50 jier tiid hat der altyd wol ien fan de famylje Bouwmeester de kranten yn it doarp besoarge. Mar no wurdt it tiid om der mei op te hâlden. De âld-oprjochter fan it blêd komt noch efkes by de famylje del.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)