Hea! fan 2 novimber 2016 17:35

Gerrit en Keimpe de Vries fan Hallum ha it smoardrok mei de bitekampanje. Dei en nacht binne se oan it wurk om alle sûkerbiten mei in kraan oer te laden yn frachtweinen. Heit en soan wikselje elkoar ôf; se wurkje 12 oeren op, 12 oeren ôf en dat 16 wike lang. Se binne de iennichsten yn Fryslân dy't dit wurk dogge. Keimpe learde it fan syn heit. As lyts jonkje siet hy al achter op 'e trekker by heit by de kampanje.

En Maaike de Jong fan Drachten is no 91 jier en stiet noch elke freedtemiddei op de bowlingbaan.

Bitekampanje

Elke wike moatte der sa'n lytse 500 frachtweinen fol mei sûkerbiten nei it fabryk yn Grins.

Bowlen

Frou de Jong yn aksje op de bowlingbaan fan Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)