Hea! fan 2 maaie 2016 18:20

It grutte gebou fan Kooi Security yn Drachten moast ferve wurde, mar leit midden yn in fiver. Dat waard dus dreech. Mar net foar Gerk Kooi, hy hat in prachtige oplossing betocht.

De lêste túnker fan de Potmarge yn Ljouwert ferdwynt. Lammie de Haan hat de túnkerij nei it ferstjerren fan har man oanholden. Mar it waard hieltyd dreger om it wurk goed te dwaan. No hat de skoallemienskip net allinnich de hier fan har tunen opsein mar har ek in baan oanbean. Lammie hâldt der no dus mei op. Tenei moat se har eigen blommen keapje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)