Hea! fan 2 juny 2016 18:20

It is topdrokte by de Fûgelhelling yn Oerterp. By de fûgelopfang binne op dit stuit in ôfgryslik soad ferskate jonge fûgeltsjes. Mar ek iikhoarntsjes, ûlen en harmelingen.

De Slachte stiet dizze wike sintraal yn Hea!. Hjoed folgje wy Lieuwkje. Sy hie sûnensproblemen en wie fierstente swier. Lieuwkje waard yn juny 2015 útdage om de Slachte te rinnen. En dy útdaging is se oangien en it sil ek barre. Mar se fynt it wol hiel spannend.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)