Hea! fan 2 july 2012

De bargen fan Jaap Frerichs út Ychtenbrêge hawwe it goed. Se rinne lekker troch de drek bûten, of lizze noflik yn it strie. Frerichs wol syn bisten in sa goed mooglik libben besoargje. Mar it doel is wol dúdlik, úteinlik komme se yn 'e panne terjochte.
(foar mear ynformaasje, sjoch www.eerlijkvlees.nl)

En út it Hea! simmerargyf: Hea! fan 17 maaie 2012
Yn Fryske Peallen is túchmakkerij de Os te finen. Yn in hokje yn 'e achtertún hat túchmakker Albert Jeensma in daalders plakje. Hy is net gek op hynders, mar wol fan túch. En gek op de lucht fan lear. Neffens him soe dat yn in fleske te keap wêze moatte: 'eau de lear'.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)