Hea! fan 2 febrewaris 2013

Yn De Westereen hat Tjipke Rottiné syn Dowesintrum. Net allinnich in winkel dêr't je fan alles keapje kinne foar dowen, mar ek in moetingsplak foar doweleafhawwers. Dy komme hjir eltse freed foar in bakje en in praatsje. Under it each fan heit Rottiné, dy't fan de muorre ôf delsjocht op de klanten.

Yn Goeie! litte twa minsken de hûnen út. Se binne fan de soarchbuorkerij. Ek in hûn útlitte helpt tsjin in ferslaving.

Yn de stâl fan Symen Sikma fan Dronryp hat André Roersma tsjintwurdich in meubelmakkerij. De jonge Roersma wie earst boufakker, mar dat befoel him mar min. Sikma hat him de helpende hân útstutsen en tegearre wurkje se no oan de meubels.
(sjoch www.andreshoutbewerking.nl)

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)