Hea! fan 2 desimber 2014 18:20

Peter Westerhof en syn frou Lucienne Meinsma fan Drachten wenje yn de papagaaiebuert yn Drachten. De huzen binne yn 1920 boud en doetiids ferve yn de primêre kleuren fan Van Doesburg. Peter en Lucienne binne beide gek op dat felle giel, read en blau. Se ha as ienige op 'e buert har hûs ek fan binnen yn dy kleuren ferve. In oar hûs op de buert sil no in museum wurde.

En Melle Haijma fan Dronryp wurket twa dagen yn 'e wike as frijwilliger by de Voedselbank. En mei de kommende feestdagen is it dêr smoardrok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)