Hea! fan 2 april 2015 18:20

Net stinne, stim Binne! Dat is wat elkenien fan de fuotbalklup vv WTOC yn Aldwâld fynt. Binne Katsma fan Aldwâld is al 50 jier frijwilliger by de feriening en is nominearre ta 'Klupheld fan de amateursport', útskreaun troch it Algemeen Dagblad. Eltse klup kin syn of har held opjaan en elkenien kin dus noch stimme!

By de lokaasje Vegelinstate fan Soarchgroep Hof en Hiem is it grut feest. Se besteane fiif jier en dat wurdt grut fierd. Trije dagen lang is der fan alles te dwaan foar de bewenners, famylje, personiel, frijwilligers en buorlju. Hjoed sille de bewenners cupcakes meitsje. It wurdt in gesellige en lekkere boel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)