Hea! fan 19 maaie 2016 18:20

De ploech-ploech is drok oan it wurk op it lân om Aldegea (sm) hinne. Oerdeis ha de mannen hiel oar wurk mar jûns ploegje se it lân om op de âlderwetske wize, mei lytse âlde trekkers. Want neffens de mannen is der neat moaiers as trekkerride en fan grien lân, swart lân meitsje.

Simon de Graaf fan Harns moat twa kear yn it jier nei de spesialist yn it MCL yn Ljouwert. Hy pakt dan net de auto mar hy rint nei it sikehûs. Dat is sa'n 32 km en dit docht hy ek al sa'n 10 jier lang. Mar De Graaf is yntusken 90 jier en syn bern fine it no eins net mear fertrouwd. Om it moai ôf te slúten rinne de bern foar de lêste kear mei heit mei nei it MCL.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)