Hea! fan 19 maaie 2015 18:20

Big Mama is 48 jier en wetterskyldpod. Manusje is lânskyldpod en is mar leafst 65 jier âld. Sy wenje yn de skyldpodde-opfang fan Gerard van Wijk op De Harkema. Gerard hat sa’n 420 wetterskyldpodden en 10 lânskyldpodden. Yn it wetter is it dan ek ien en al drokte.

Fûgel Charlie is hiel bekend by de bern, mar sprekt gjin Frysk. Hy wennet yn sirkus Salto, it sirkus fan Sander Balk. Charlie moat wachtsje oant de tinte troch de meiwurkers opboud is. Want ek al binne jo sirkusartyst, tinte opbouwe heart der by!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)