Hea! fan 19 maaie 2014 17:40

Marianne Deelstra fan Reitsum is hast alle dagen op 'en paad as ynseminator. Se is in bysûndere ferskining op it boerehiem want safolle froulike ynseminatoaren rinne der net om yn Fryslân. En de kristlike basisskoalle fan Ternaard bestiet dit jier 125 jier. En dus wie it tiid foar in reüny. Hast 400 âld-learlingen kamen nei Ternaard ta werûnder Jellie van der Kooi en Jan Bandstra. Sy hiene dikke ferkearing doe't se acht jier wiene. En ek Jan de Graaf makke de reis nei Ternaard. Hy wennet al 55 jier yn Amearika mar Ternaard sjocht hy altyd noch as syn thús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)