Hea! fan 19 jannewaris 2015 18:20

Hiltsje de Boer fan Burgum makket treastpoppen. Se is der op in beurs mei yn oanrekking kommen en hat besletten se sels te meitsjen. De poppen binne te brûken by û.o. eangsten, fertriet en se bringe treast. Hiltjse nimt ús mei yn har bysûndere pipowein dêr't se se makket.

Maarten Gramsbergen hat in dakdekkersbedriuw yn Harns. In pear jier ferlyn koe syn bedriuw lestich personiel fine en hy hierde doe Hongaarske dakdekkers yn. Sy namen it drankje 'Palinka" en fertelden Maarten hoe't se dat makken en Maarten wie ferkocht. Maarten hat him deryn ferdjippe en syn eigen waddenrum betocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)