Hea! fan 19 febrewaris 2016 18:20

Der wurdt baggere yn de wyk Cammingaburen yn Ljouwert. Willem Schilstra sit op de kraan op in peton yn de feart. Mei help fan in kompjûter dy’t yn ferbining stiet mei in satellyt, wit hy hoe djip en hoe folle hy baggerje moat. Dizze bagger wurdt yn in opdrukbak goait dy’t dan wer ôffierd wurdt troch in opdrukker nei it baggerdepot. Willem fynt it prachtich wurk, hy kin syn dei eins sels yndiele yn alle frijheid.

Yn Wytmarsum moetsje de skoalbern fan basisskoalle de Utskoat en de âlderein fan fersoargingshûs Aylvastate elkoar regelmjittich sûnt foarich jier. No lêze de bern fan groep 7 en 8 de âlderen op de deibesteging foar. Sawol de skoalbern as de âlderen genietsje hjirfan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)