Hea! fan 19 desimber 2011

Op basisskoalle it Klimmerblêd yn Sint Nyk binne de bern al hielendal yn 'e kryststimming. De kryststâlen wurde delset, der wurdt song en der wurdt ek aksjefierd. De bern sammelje jild yn foar Serious Request, dêr't dit jier jild ynsammelje wurdt foar memmen yn oarlochssituaasjes.

Goeie! sjocht twa froulju yn in steech stean op De Gordyk. Wêr hawwe se it oer?

En yn biste-opfang de Wissel yn Ljouwert sitte op it stuit mear as 100 katten. It personiel hat foar it grutste part frij mei de krystdagen, dus de bisten krije dizze dagen net in soad omtinken. Wa kin noch in kat ûnderdak bringe?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)