Hea! fan 19 augustus 2013

  • Gewoon Bram

It wie feest juster yn muzykkafee Bertus yn Surhústerfean. Sjonger Gewoon Bram - de artystenamme fan Bram Mozes fan Koatstertille krige dêr syn nije CD 'ik doch alles mei myn lytse man' oerlange troch sjonger Emiel fan de Hûnekop.

En út it Hea! simmerargyf:
Al 30 jier soarget frou Leffertstra yn Eagmaryp foar 'har' earrebarren. Dizze bisten komme dan ek elts jier wer trou nei har earrebarredoarp. Se docht dit wurk hielendal frijwillich en set har der hielendal foar yn. Besikers binne altyd wolkom yn it earrebarredoarp 'de Graverij'.
(it wurk kin net dien wurde sûnder stipers, as jo mear ynformaasje wolle sjoch www.ooievaarsdorp-akmarijp.nl)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)