Hea! fan 18 septimber 2014 18:20

Foar de bern fan Frjentsjer wie it altyd in grut mystearje: hoefolle tunnels lizze der ûnder de stêd en bolwurken fan Frjentsjer? Der binne yn elts gefal in stik as wat tunnels yn de stêd. Ien leit yn de tún fan Wiebe Baanstra, it saneamde 'geuzengat', en in oar yn de tún fan Manfred Nippel. Mei de Agrarische Dagen binne se iepen foar it publyk en it sjocht der allegear tige spannend út...

Friedel Bron fan Burdaard hat in bysûndere samling op de twadde ferdjipping fan har hûs. Hjir stean mar leafst 3000 sparpotten. It begûn mei in pear eksemplaren dy't se krige fan har freondinne. No komme se oeral wei. Somtiden kin Friedel samar in oere op har bêd sitte en genietsje fan har moaie sparpotten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)