Hea! fan 18 oktober 2016 17:35

Mei pine yn it hert nimt Atsee de Haan (73) fan Dokkum ôfskied fan 'syn' boeken. Syn antikwariaat moat ticht, de leeftiid begjint te spyljen en der is in keaper foar de loads. Dizze lêste dagen steane yn it teken fan opromjen. In heal miljoen boeken ferdwynt yn de kontainer, en dat docht sear...
Wer in gesellich jûntsje fan ytklup 'Samen = Gezellig' fan De Jouwer. Minsken mei en sûnder in geastlike beheining komme ien kear yn 'e moanne byelkoar om sa nije minsken kinnen te learen en der ris even út te wêzen. En hoe kin dat better as by in lekker itentsje?

Antikwariaat Atsee

Antikwariaat Atsee yn Dokkum hâldt op. En dat betsjut dat in heal miljoen boeken nei de kringloop of yn de kontainer gean. In grut fertriet foar eigener Atsee de Haan, dy't der mar dreech ôfskied fan nimme kin.

Ytklub 'Samen = Gezellig'

Op 'e Jouwer hat ytklup 'Samen = Gezellig' in itentsje by de Sinees. Minsken mei en sûnder in geastlike beheining komme sa meielkoar yn de kunde en binne der even lekker út. En it smakket goed!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)