Hea! fan 18 oktober 2012

  • Bram Mozes 'gewoon Bram'

Bram Mozes is strjitmakker en wennet yn Koatstertille. Mar Bram is ek bekend as sjonger, Gewoon Bram. Hy sjongt mei passy syn libbensliet. 'Op de fyts nei Harkema' wie syn earste nûmer, en no sjongt hy 'sjoch mar troch it gatsje'. Dizze nûmers binne opnaam yn 'e studio fan Peter Alma yn De Harkema. Dy fynt Bram net in geweldiche sjonger, mar wol gesellich.

Yn Goeie! binne trije bern yn Ysbrechtum yn petear mei it Hea!team. It reint by amerfollen, mar dochs nimme de bern wiidweidich de tiid foar in praatsje.
En yn Appelskea stiet Piet Buitenga oan de dyk om der - tegearre mei syn soan - foar te soargjen dat de skoalbern feilich oerstekke kinne. Dat kinne je net samar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)