Hea! fan 18 maart 2014 17:40

Op 1 april sille de measte kempings wer iepen foar kampearders, dus no binne de eigeners nei in lange wintersliep o sa drok om de boel wer yn oarder te krijen. Sa ek op Kemping de Pressefinne yn Ealahuzen. Reitze Woudstra, de eigener fan kemping is dwaande mei it bouwen fan in blokhutte, der wurdt sanitêr oanlein en fierders is hy dwaande mei it oanlizzen fan liedingen en it snoeien en meanen fan it terrein.

'Latte art' is de keunst fan it jitten fan dekorative ûntwerpen op in cappuccino of caffè latte.
Evelien Drijver wurket by in kofjesaak yn Ljouwert en se hat har de technyk sels oanleard en kin prachtige dingen meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)