Hea! fan 18 maart 2013

  • Kalinder yn Terwispel

Yn Peins treffe we in man mei in bysûndere achtertún. Dêr is fan alles te finen.

De 'famkes fan de pôle' binne tolve froulju út Terwispel. In groepke manlju út it doarp sil de Alp d'Huez fytse, en de froulju woenen ek wat ludyks dwaan om jild yn te sammeljen foar it KWF kankerfûns. It is in kalinder wurden mei Terwispelers, yn de meast opfallende rollen. Ditkear wienen de minsken fan de Jeu de Boule oan de beurt om op de foto set te wurden foar de kalinder. (foar mear ynformaasje: de froulju hawwe in facebook side famkesfanepole).

En we sizze ek Goeie! tsjin in man dy't mei syn SRV-wein ûnderweis is. Wy wolle wolris witte wat foar bysûndere avontoeren je as molkboer meimeitsje, mar dizze man is hiel diskreet en lit neat los.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)