Hea! fan 18 july 2013

  • Simmer yn Fryslân

De kommende wiken is der gjin Hea! mar skûtsjesilen. Mar yn dizze lêste Hea! binne wy alfêst op en om it wetter foar bylden fan Simmer yn Fryslân. En dan komme je hiel wat tsjin!

En út it Hea! argyf fan 3 juny 2013
Gerda van der Wijk út Feanwâlden hat hinnen. Bysûndere hinnen... it binne chabo's, Japanske krielhintsjes. Gerda is der hiel wiis mei. Se binne neffens har hiel nuet en freonlik en sjogge der ek wol wat komysk út mei harren koarte poatsjes. Se hat alle hinnen in namme jûn, passend by it gefoel dat se krijt by de hin. Sa rint der in Theo, in Foppe en ek in Sylvia rûn.

Moandei 12 augustus is Hea! der wer!.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)