Hea! fan 18 jannewaris 2016 18:20

Ate Bruinsma is de iceman fan Drachten. Hy is fanatyk sporter en it leafst by temperatueren ûnder nul. Meardere kearen yn de wike giet hy te draven yn de bosken fan Beetstersweach. Oanslutend dûkt hy yn it Alddjip, om dêrnei yn syn wiete klean wer nei de auto werom te draven.

Doe't Cecilia van Dongen fan Tsjummearum tolve jier wie is se troch har broer meinaam nei de "luchtschietvereniging" Willem Tell yn Stiens. Se wie krekt stoppe mei oare sporten en woe wat oars. Cecilia is net wer fuort gongen en is in grut talint...se hat har pleatst foar it EK yn 2016.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)