Hea! fan 18 febrewaris 2016 18:20

Nynke van Duinen út Ljouwert is 68 jier mar jout noch hieltyd balletles. Sy is ien fan de lêste der Mohikanen yn de echte balletwrâld. Dûnsje is har passy. Se kin har in libben sûnder dûnsjen net foarstelle. Mar se is ek strang en easket in protte fan har learlingen. Elkenien moat by de training deselde klean oan en it hier moat omheech. We folgje har by in les foar bern fan 6 oant 10 jier. De bern fine har strang mar wol hiel leaf.

Op 16 febrewaris begon it asfaltfresen op de Drift yn Drachten yn ferbân mei werynrjochting. Pier de Jong sit op de freesmasine. Hy docht dit no sa’n 10 jier en fynt it moai wurk. It ferfeelt nea. Der is gjin oplieding foar dit fak, jo moatte it gewoan dwaan. Hy wie earst ynternasjonaal sjauffeur en dat is wol in handige basis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)