Hea! fan 18 febrewaris 2013

  • de Harlem Shake yn Ljouwert

It wie in drokte fan belang juster op it Saailân. Hûnderten minsken dienen dêr mei oan de Harlem Shake. Dizze ynternet-hype is ek yn Ljouwert oanslein. Doel is om yn in minútsje sa gek mooglik te dûnsjen. En dat slagge aardich.

Loes is fanút de Ranestêd ferhuze nei Flylân foar de rêst en de natuer. Dochs komt se noch alle wiken nei de wâl om dêr op besite te gean by har twa kij! Loes wol har bisten graach meinimme nei it eilân, mar dêr is gjin plak. No binne de kij tydlik te plak yn Achlum en Loes is wol sa gek mei har kij dat se der regelmjittich op 'e fyts hinne giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)