Hea! fan 18 desimber 2015 18:20

Stefan Koning fan Jirnsum hat syn hûs, fan souder oant kelder, omtovere ta in echt krysthûs. Al fan grutte ôfstân komt it krystljocht je temjitte. Stefan hâldt o sa fan de krysttiid, mar hy docht it ek as earbetoan oan syn heit.

Yn Aldlân folgje hûnderten bern en harren âlden in lint fan ljochtjes troch de wyk. By dizze krystkuier wurdt yn ferskate garaazjes it krystferhaal troch bern fan de Willem Alexanderskoalle yn Ljouwert útbylde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)