Hea! fan 18 desimber 2012

  • Klaas en Jellie Bouma

Klaas Bouma en syn frou Jellie begjinne yn 2013 oan wat nijs. In pankoekskip yn Dokkum dêr't minsken wurkje kinne dy't oars dreech oan wurk komme. Klaas en Jellie hawwe harren skip al moannen yn Iezumasyl lizzen, dêr't se der hurd oan wurke hawwe. Mar no moast it dochs mar hastich nei Dokkum ta, foar't der net mear fearn wurde kin. En dus gie de reis troch in wintersk lânskip fan Iezumasyl troch it slúske, fia Dokkumer Nijesilen nei it nije plak ûnder de mûne yn Dokkum. En ûnderweis wurdt der noch hurd wurke oan it ynterieur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)