Hea! fan 17 oktober 2016 17:35

Tiger Caruso fan Nijeberkeap hat pinemûle! In spesjale toskedokter út Amsterdam komt del om dit riskante putsje oan te pakken. Want de rottige hoektosk soarget foar ûntstutsen noasholten by de tiger. Foar de yngreep giet Caruso fiif oeren ûnder seil.
Titte de Boer út Balk mei graach wat foar in oar dwaan. Hy is net te beroerd om foar buorfrou even wat op de dyk te fervjen.

Tiger Caruso

Pinemûle kin hiel ferfelend wêze, en dat jildt ek foar tigers. In toskedokter út Amsterdam komt del om tiger Caruso fan Nijeberkeap fan syn rottige hoektosk te ferlossen. In bysûnder putsje foar rôfbiste-opfang Felida.

Titte de Boer út Balk

Titte de Boer is drok dwaande mei ferve en kwast. Hy is yn't spier foar buorfrou, want dy moat al in goed parkearplakje ha.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)