Hea! fan 17 oktober 2012

  • Bern yn Parregea

Yn Parregea boartsje de bern graach op it skoalplein. Blikspuit dogge se, yn waar en wyn. Mar as se de kâns krije dan helje se ek wolris wat kattekwea út.

Piet Voordes fan Dronryp is striptekener. Hy makket al hast 20 jier Donald Duck-tekeningen foar it stripblêd. Al in hiel skoft lyn hat hy de miny-auto fan Donald Duck neimakke, de Duckatti. Syn autootsje is fan dit wykein ôf foar eltsenien te sjen yn it stripmuseum yn Grins. Ta gelegenheid fan it 60-jierrich bestean fan Donald yn ús lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)