Hea! fan 17 maart 2014 17:40

As it aaisikerstiid is dan is Jinke Kuperus elke dei yn it lân te finen. Se hat op dit stuit lêst fan de foet mar se sil en moat it lân yn. De minsken ha fan alles by de ein yn 'e wrâld mar it aaisykjen is it moaist, neffens Jinke.

Op dit stuit wurdt de reade fjoertoer, 'de Noordertoren' fan Skiermûntseach restaureard. Yn 1974 is de toer ek folslein ferboud, mar mei folle beheindere mooglikheden as no. Doe wie it noch it âlderwetske klim- en klauterwurk en gjin steigers. Anno 2014 is de de hiele fjoertoer foarsjoen fan in steiger mei wurknivo's en wynkleden.

It is in drokte fan belang yn en op de toer. Der binne sa'n tolve man dwaande: Skilders, timmermannen en ynstallaasjeminsken. Ien fan de skilders is Evert Hoekstra. Evert wie yn 1974 as 17-jierrige schildersjonge belutsen by de renovaasje fan dizze toer, doe't hy wurke by syn earste skildersbaas. Nei 40 jier is Evert opnij frege om deselde skilderklus te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)