Hea! fan 17 juny 2014 17:40

Sjoerd Bonnema fan De Fochtel hat syn eigen paradyske. Hy spilet didgeridoo en hy is ek in ymker dy't 40 bijefolken hat. Sjoerd hat in grutte passy foar beide. Der is in soad te sjen en te belibjen yn syn moaie grutte boerenatuertún, mar dat moatte de minsken dan wol sjen wolle.

Ut it Hea! argyf sjogge wy hjoed nei in ôflevering út febrewaris 2014.
Dit jier hat de toanielferiening Aldegea en Kolderwâlde harren 40-jierrich jubileum fierd. Dekôrbouwers Pieter de Kroon en Sible Brandenburg binne der ek al hast salang by belutsen. Se helpe oeral wêr mar nedich yn it doarp en se ha altyd in protte wille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)