Hea! fan 17 july 2012

Thiska van der Zwaag fan It Hearrenfean gie in skoft nei it bûtenlân en woe in orizjineel Frysk sûvenir meinimme. Se hat doe sels in Fryske bikini ûntwurpen, want dy wie der noch net. No is it net allinnich in sûvenir, mar hat Thiska der ek har eigen hanneltsje fan makke. Se is geregeld op 'e merk te finen. Spesjaal foar Hea! hat Thiska har bikini oanlutsen en showt sy har eigen kreaasje oan 'e wetterkant.

En út it Hea!argyf:
Rein van der Meer wennet yn Peins en hat in heale hektare lân om it hûs. Yn de greide rint in bûnt selskip fan bisten: einen, geiten, skiep, hinnen. Der is wolris ien dy't wat mankearret, mar Van der Meer soarget der goed foar. Hoewol't de mollen der net sa goed fanôf komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)