Hea! fan 17 jannewaris 2013

Eelco Dijkstra fan Sumar hâldt fan nostalgysk guod. Syn hûs is der mei ynrjochte, hy rydt yn in âlde auto en sels op it iis sjocht Dijkstra der nostalgysk út. Yn Frysk kostúm giet hy mei syn selsmakke prikslide oer it iis.

De jongste bern fan basisskoalle de Pôlle út Marsum gienen dizze wike mei de bus op besite by de buorlju, de Ljouwerter fleanbasis. Op de basis woenen se de bern graach sjen litte dat dêr mear te sjen is as allinnich mar fleantugen en helikopters. Al wie dat foar de bern wol it nijsgjirrichst fansels.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)